Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Eigen koers

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gerard ter Borch*

Syn heit wol dat er skriuwen leart
om hegerop te kommen
nei it grutte kapitaal,
dus rekkenje is net ferkeard,
in advokaat hat mear oan taal,
mar dolle dogge dommen.

Syn mem hat him it leafste kreas,
de skieding yn de midden,
beide siden sûnder lûs,
in skjinne skoech, gjin smoarge lears
en flokke past net yn de hûs,
mar wol op knibbels bidde.

Image

Op knibbels hat hy leafst syn hûn,
al kin dy wolris stjonke,
mar syn hier is wyt as snie,
al hat er yn de smoargens rûn
en dolt syn baaske nei in flie…
as kapitaal in bonke.

* Gerard ter Borch (1617-1681)
Skilderij ‘Jonge flieët syn hûn’ 

admin

Op jierren

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Hy seach werom op syn bestean,
dat bylden skoden foar him lâns,
in grut diel fan de Bibel;
hy streke teksten ta de kearn
en lei oer it gehiel in ierdske glâns.

Image

Doe’t hy al fier op jierren wie,
beseach er him yn dat gehiel
fan Abraham oant Paulus;
hy lies wat yn de teksten stie
en hie mei glâns oan ’t eigen byldwurk diel.

Ynienen waard er har gewaar,
de frou dy’t salang droegen hie
yn skurte en op hannen;
tsien fingers rekken doe in snaar
dy’t resonearre oant er by har wie.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Selsportret as de apostel Paulus’
Skilderij ‘In âlde frou’ (Rembrandts mem)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum