Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Syn hoanne

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hippolyte Flandrin*
fan Jean-Léon Gérôme**

Image

Hy is noch jong, mar âld genôch
foar ’t nimmen fan in dûk
yn al syn stridige gefoelens
mei ûnder him de griene doek,
de reade komt faaks noch.

De dûk yn see ferkuollet, mar
allinnich op ‘e hûd,
dêrûnder bliuwe syn gefoelens
as kraaie der twa hoannen, hjoed
noch makket hy syn kar.

Hy hat har helle, sy sit klear,
syn hoanne lit er gean
en sil foar him fiktoarje kraaie;
wat maalt er noch om skuon en klean,
de reade doek seit mear.

Image

* Hippolyte Flandrin (1809-1864)
Skilderij ‘Jonge oan see’

**Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Hoannegefjocht’

admin

Bystânsmem

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gerardus Terlaak*

Image

Lit ús weromgean nei de tiden
dat it sa gesellich wie,
want smûk yn de beheinde romte,
dêr’t memme brede briedstoel stie
mei heit ticht oan har side.

Sjoch hoe’t se yn de romte sitte,
sa gesellich by elkoar,
mem rjocht de rêch en yn de midden,
want dêr is mem de frou dochs foar…
en heit leit hjoed te switten.

Komt immen by har op besite,
klinkt dêr net in frjemde stim?
In dame tarrend út ‘e romte,
meilijend mei in bystânsmem,
neat falt har te ferwiten.

Lit ús weromgean nei de dagen
fan de eigen wide wrâld
mei bystânsmemmen oan de râne,
benaud bestean yn inkelfâld,
fergees har stille fragen.

* Gerardus Terlaak (1820-1865)
Skilderij ‘In rike dame op besite
by in earme húshâlding’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum