Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Rare wrâld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paul Delvaux*

Image

Hy frege him al jierren ôf:
hoe sjocht de wrâld der einliks út?
Mei lykwicht tusken man en frou
of is de ien de oar ta bút?

Hy gie manmoedich derop ôf,
mar moast him yn it neaken jaan,
net dúdlik noch oan watfoar frou,
wat stie him yn de wrâld te dwaan?

Gjin frou sloech op syn bleatens acht,
de eagen giene troch de hûd
as hie de dea har yn de macht,
’t benaam him suver alle moed.

It libben wie gjin suver spul
sa tusken froulju fan de wrâld
mei ’t boarst bleat oant syn eigen mul,
se stoarren troch, it liet har kâld.

Hy frege him yn wanhoop ôf
oft hy as man allinne stie,
de oaren taalden nei gjin frou,
gelyk hie elk, mar sûnder die.

* Paul Delvaux (1897-1994)
ûntdekte yn 1932 it Spitzner Museum,
in rariteitekabinet te Brussel
mei as gefolch in oare styl fan skilderjen.
Skilderij ‘Musée Spitzner’

admin

Leproazesoarch

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Adam Kruseman*
fan Willem Hendrik Schmidt**

It managemint is yn petear
oer syn leproazesoarchynstelling,
sjocht de takomst sûn en suver yn,
want foar melaatsken yn de wear
bringt yn har libben sinneskyn,
en yn ’t berie de heechste telling.

Image

In ûnderbrekking foar de ear:
it managemint sit no yn stelling.

De geastlikheid is yn petear
op ôfstân ek foar de leproazen,
want besmetting krijt men fan de wrâld,
mar wurden bringe wol in kear,
melaatskens lit de muonts net kâld,
besoarget sûnders skeinde noazen.

Image

Dus geane fiif oer sielen gear,
de geastlikheid striidt tsjin de boaze.

* Jan Adam Kruseman (1804-1862)
lei him foaral ta op portrettern.
Skilderij ‘Reginten en regintessen fan it melaatskehûs yn Amsterdam’

** Willem Hendrik Schmidt (1809-1849)
Skilderij ‘Fiif muontsen yn in godstsjinstich petear’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum