Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Hjerstrispinge

Keunst
PDF Print E-mail
It hat in soele simmer west
mei heech it gers en folop sie,
wat bisten troch de mage gie,
doe kaam de hjerst…

Image

… mei op ‘e fjilden skot op skot,
fataal foar hazze en fazant,
yn ’t hingjen neffens jagerstrant,
mar oars as ’t lot…

… fan ’t fûgeltsje yn bang gefjocht
bestrûpt, úteinlik hingjend dea:
in hjerstblêd dat al skaait nei rea
yn simmerljocht.

Image

admin

Fjoerwurk mei ferve

Keunst
PDF Print E-mail
fan James Mc Neill Whistler*

Image

In pot mei ferve, leechgoaid yn ’t gesicht
fan ’t libbensecht publyk,
sa wie John Ruskin fan betinken;
’t waard fjoerwurk yn it skildersryk,
it bloed waard tin, de holle leech.

De grime lôge op, it wie de plicht
om fûl werom te slaan,
gjin skilder lit mei ferve smite;
de rjochter moast in oardiel jaan
en rêde ’t skeinde fjoergesicht.

It lykwicht kaam net troch it kapitaal,
de skilder kriich in foai,
mar ek wurdearring foar ’t abstrakte,
’t palet allinnich is al moai
en fjoerwurk sprekt syn eigen taal.

* Jame McNeil Whistler (1834-1903)
stapte mei dit skilderij fan it figurative ôf,
wat John Ruskin net wurdearje koe.
Skilderij ‘Nokturne yn swart en goud:
de fallende fjoerpylk’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum