Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Elk syn ferlet

Keunst
PDF Print E-mail
fan Edouard Manet*
fan Gustave Caillebotte**

Image

It koe dy dei en wêrom net,
de sinne skynde en ’t wie hjit,
mar ek in spul fan ljocht en skaad,
elk wit hoe’t soks dan stiet of sit,
it leit him oan it minske-aard.

De hearen donker yn de klean,
net fiis fan dames yn it bleat
foar ’t baaien yn it wiet,
want thús wie ’t hjoed in spul fan neat:
de wurklju sa’t soks somtiids giet.

Dan is men ’t leafst rap út ‘e wei,
in skraab by jokte op ‘e rêch,
gjin keardel draait him dêrfoar wei.

De hearen donker yn de broek
en bleat dêrboppe, yn it swit
fan ’t skaven op it krast parket,
sy witte hoe’t it leit of sit:
nei ’t eigen aard hat elk ferlet.

Image

* Edouard Manet (1832-1883)
Skilderij ‘Lunch op it gers’

** Gustave Caillebotte (1848-1894)
Skilderij ‘De parketskavers’

admin

Op ferkenning

Keunst
PDF Print E-mail
fan Józef Brandt*
fan Pál Szinyei Merse**

Image

Twa ruters ride rap foarop,
op alle pôlen ’t each,
en steane dan wer stil,
want leit de fijân yn it leach?

Gjin kop, dus komt de earm omheech
foar ’t leger achteroan,
gjin fijân is op til,
de wylde pôlen dogge ’t skoan.

Ynienen bliuwt de skimmel stean,
dus ûnrie op syn paad,
de ruter draait de kop
en sjocht beweging yn it skaad.

Twa ruters, kreas yn heareklean,
ferkenne ’t froulik fleis,
sy witte fan gjin stop…
it leger ûnderbrekt de reis.

Image

* Józef Brandt (1841-1915)
wie in Poalske skilder, û.o. fan oarlochssênes

** Pál Szinyei Merse (1845-1920)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum