Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Egyptes wapenplak

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean-Léon Gérôme*

Image

Wie op ditselde plak de farao
of oars syn generaal
om wapens te bestellen
tsjin it Mozesfolk, bretaal
yn opstân kommen, no
massaal it lân ûntflechte?

Hie op ditselde plak de kalyf stien
of oars syn offisier
om wapens te beteljen,
brûkber tsjin it kristendier
dat Allahs wurd wjerstie,
oer hiel de wrâld it echte?

Mar op ditselde plak brânt no it fjoer
dat lôget fan in haat
dy’t fierder giet as skelle;
’t wurd fan Allah komt yn ’t skaad
as bruorren reitsje oer
en moatte ’t hûs ûntflechtsje.

* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘In wapenkeapman yn Kaïro’

admin

Tusken slakken

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pierre Paulus de Châtelet*
fan Cécile Douard**

Image

De manlju sakken fier de djipte yn
en hakten los wat waarmte joech
yn wurking mei it fjoer,
se bealgen sûnder loft en wyn,
de oeren dreauwen stadich oer,
de atmosfear wie drukkend droech.

De karren rieden by de bergen op,
in grize lading mei wat swart,
wat raasde derby del,
al wer in fracht fleach oer de kop,
de folle wolk kaam nei in tel
of trije, harren twadde part.

De froulju klommen nei de nije bult
as grauwe slakken yn it stof
en sochten nei wat joech
noch waarmte, wa kriich oars de skuld?
Foar loft en wyn oan God de lof,
dy’t stof en slak op hannen woech.

Image

* Pierre Paulus de Châtelet (1881-1959)
Skilderij ‘Yn it swarte lân’

** Cécile Douard (1866-1941)
Skilderij ‘De slakkeberch’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum