Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Troudei

Keunst
PDF Print E-mail
fan John Singer Sargent*

Tegearre glieden sy oer ’t wetter,
hy de peddel, sy foaryn,
it wie in dei mei sinneskyn,
fûn hy, sy wist wol better.

Hy liet de peddel efkes rêste,
want it wie no ienkear syn
idee en mei sa’n bytsje wyn
woe hy foar har it bêste.

De kano skode yn de reiden,
hy syn ark, sy út ‘e wyn,
de eagen ticht, fûn hy, want yn
it gers genieten beide.

Sy koe wol yn de keunst berêste,
hy syn hobby, sy de skyn,
de troudei wie al lang ferlyn
en hjoed… miskien de lêste.

Image

* John Singer Sargent (1865-1925)
waard berne yn Italië út Amerikaanske âlders.
Hy wenne as keunstner yn Londen.

admin

Krisisbyld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Louis Dubois*

Image

Tink net oan lytse poppen
oan de snaffels foar de reis,
gjin fûgel slacht de wjukken út,
want swier is ’t libben ûnderweis,
dus útstel foar de earste tút.

Se stean op hege poaten
mei de halzen yn in bocht
en tichte snaffels yn mineur
foar ’t lânskip yn it lêste ljocht,
sa fret de jûntiid elke kleur.

Tink dus oan lege memmen
by de fleet, it hâldt gjin stân,
mei tank oan hearen yn majeur,
yn krisistiden út ‘e brân,
mar eiberts bringe kleur noch fleur.

* Louis Dubois (1830-1880)
wie ien fan de earste realistyske skilders
yn de 19e ieu
Skilderij ‘De eiberts’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum