Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Kontrastportret

Keunst
PDF Print E-mail
fan Léon Frédéric*

Image

Hy kaam yn ’t pak yn ’t atelier,
wist net wat de bedoeling wie,
dochs klaaide hy him út,
omdat de skilder nedich hie
in bleat model foar ’t iepen rút.

Hy moast posearje mei in fee
yn stjerrejurk foar syn geslacht,
mar ’t wie in frjemd kontrast:
hy hold har fêst, sloech ’t wiif gjin acht,
de grize kop hie mannich barst.

De keunst lit klear it libben sjen
sa tusken bleat en mearke yn,
in nuver aventoer;
de dea skinkt inkeld kleare wyn
en achter ’t rút bloeit de natoer.

* Léon Frédéric (1856-1949)
Skilderij ‘Atelier’

admin

Eigen kar

Keunst
PDF Print E-mail
fan Adriaen Brouwer*

Lit elk mar kieze wat er wol,
want swier is faak de libbensrin,
dus rekket men fan boppen fol,
dan krije wer de dagen sin.

Image

Ik rook en sûch de wangen hol,
blaas dan de reek wer út ‘e snút,
de pipe is myn ien en al,
sels noch as ik de eagen slút.

Image

Ik drink en rook faak tagelyk,
de drank deryn, de reek derút,
it lykwicht hâld ik oant myn lyk
krijt fan it wiif de lêste tút.

* Adriaen Brouwer (1605/1606-1638)
Skilderij ‘De roker’
Skilderij ‘De drinker’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum