november 17, 2016
fan Kark Fredrik Nordström*
fan Laurits Bernard Holst**
Is ’t de loft, de berch of see
dy’t ropt de djipte foar it ljocht
om heech op ôf te stimmen…
it is ’t gehiel dat sprekken docht.
Lit Sweden it mar roppe
dat it lânskip leech begjint,
dan stadich rint nei boppen,
dêrmei oan hichte wint,
dat wolken krije faasje,
de fûgels slaan alarm,
mei grutskens sprekt de naasje
dan fan it rizen fan de stoarm.
As Noaren dan ek roppe
dat de see it lân ynkringt
en opsjocht by de toppen,
dêr’t snie de helden winkt,
dan lit de fisker witte:
de see ropt om te gean,
ús grutskens is op mjitte
fan ’t lytse doarp mei ús bestean.
* Karl Fredrik Nordström (1855-1923)
Skilderij ‘Stoarm ûnderweis’
** Laurits Bernard Holst (1848-1934)
Skilderij ‘Noarsk fiskersdoarp’
november 13, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan David Teniers de Jonge* Hy lei deis oeren stien op stien en foege dy mei griis semint, syn ark: in beitel, troffel, hammer; hy fielde faak himsels te lien foar oardel sint, sa wied er wend. It resultaat stie muorrefêst, De kroech wie jûns it ûnderdak * David Teniers de Jonge (1610-1690) |