december 1, 2016
fan Matthijs Maris*
Sis net dat sy neat hat mei fjoer,
want sûnder wurdt it fleis net gear
en spatte fonken fan mefrou,
it lit har kâld, sy is der wol mei klear,
faak fielt sy har de keukenhoer.
Der waard earst sein, sy wie prinses,
omdat sy tsjinne by mynhear,
noch mear as by syn lilke frou,
sa’n tsjinst wie foar in faam in hiele ear,
foar him it fleis, foar har it mes.
Sis net dat sy neat hat mei fjoer,
fan him hat sy te lang dat daaid,
har eigen lôget op, as frou
fielt sy it langstme nei de dei as breid,
it rauwe libben is har oer.
* Matthijs Maris (1839-1917)
Skilderij ‘Keukenprinses’
Skilderij ‘De breid’
november 24, 2016
fan Rembrandt*
Se waarden eartiids Moaren neamd
en kamen net faak op ’t portret,
de hûdskleur paste by it blanke net,
it Moarefel wie net ferneamd.
De iene holle steunde op
it skouder fan de oare Moar,
se liken op elkoar, deselde kop,
dêr wiene ’t ommers Moaren foar.
De oare frege nei har taak,
want wêrom soene sy neat dwaan?
Miskien wie der foar har wat yn de maak,
dat soe de Moaren foardiel jaan.
De biskop fûn ’t in goed idee,
it hearde by syn kristenplicht
om sjen te litten elk ferneamd gesicht,
wie ’t swart of blank of brún as tee.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Twa Moaren’