Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Yn ’t ljocht

Keunst

fan Harriet Backer*
fan Peter Vilhelm Ilsted**

De neare nacht is lang
en bûten doarmje skimen
dy’t fan gjin hâlden witte wolle
fan wa’t sitte op ’e earste rang,
it is mei kalmte net te rimen.

Sy sit by lampeljocht
en tusken lange skaden
te lêzen oer ôfsleine hollen
fan de striders fjochtsjend foar har rjocht…
’t mystearje slûpt oer kronkelpaden.

Dan sy, fan bûten ljocht,
kalm troch it finster getten,
de folle kanne is net fallen,
stadich leechrûn, want sa hie sy tocht,
sy sil him achter ’t glêswurk sette.

* Harriet Backer (1845-1932)
Skilderij ‘By lampeljocht’

* Peter Vilhelm Ilsted (1861-1933)
Skilderij ‘Ynterieur’

admin

It koe noch krekt

Keunst

fan D. Witting*
fan Nicolaes Maes**

It skaad sloech op ’e tafel del
en skampte oer de harsensplasse,
trillings roerden al ien snaar
en weagen fierder mei gefaar
fan ivich doarmjen yn de hel.

It koe noch krekt, mar Beatrix
hie fan de dea neat yn de plasse;
op ’t portret wie foar in frou
it ivich libben sûnder rou
en fan it oare wist men niks.

Swart-wyt wie ’t biedwurd fan ’t bestean,
dus dat kontrast soe aardich passe
yn ’t ovaal, folslein portret;
de dea hat doe syn stimpel set,
sy soe him yn de mjitte gean.

* D. Witting (aktyf om 1630 hinne)
Skilderij ‘Vanitas-stillibben’

* Nicolaes Maes (1634-1693)
Skilderij ‘Portret fan Beatrix Snels’
It portret is skildere yn 1678
Beatrix Snels is ferstoarn yn 1678

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum