maart 2, 2017
fan Adriaen van de Venne*
Sjoch hjir de goede dea,
dy’t weet hat fan it lijen
fan beide, siel en lea,
hy komt om te befrijen.
Hy stekt de kaai yn ’t slot,
it lichem komt sa iepen,
de siel fljocht nei syn lot,
gjin tiid om noch te sliepen.
De neisten jouwe ’t oer,
ien sit al yn de slomme,
it libben, koart fan doer,
wurdt wei mei stille tromme.
Net foar syn trouwe hûn,
hear him noch súntsjes janken,
hy fielt de dea hat wûn,
dus baas, foargoed betanke.
Sjedêr de widze stean,
it berntsje leit te sliepen,
rom tiid om te bestean,
syn takomst leit noch iepen.
* Adriaen van de Venne (1598-1662)
Tekening ‘Ellenden-eind’
februari 23, 2017
fan Edvard Munch*
Kin in skreau noch lûder klinke
as dat de himel weaget mei
en ek it wetter fan it fjord?
It bloed spielt oer de giele dei,
de holle wol it leafste sinke.
Hannen om de smelle holle
beskermje earen foar de brek
troch ’t weagjen fan it gjalpjend bloed,
de mûle wurdt ta grutte bek
mei lippen dy’t net skreauwe wolle.
Hannen op ’e lange planke
yn it jûnsljocht dat net wike wol
om flústerjend noch kleur te jaan
oan fammen fan de dei, dy’t fol
is fan melodieuze klanken.
* Edvard Munch (1863-1944)
Skilderij ‘De skreau’
Skilderij ‘Famkes op ’e pier’