Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Fan de troan

Keunst

fan Peter J. Sterkenburg*

De himel jout de ein al oan
mei klap op klap nei dûbel fjoer,
noch stiet op see de mânske troan,
mar noch in jier of wat, dan is it oer.

De wurkboat fiert de maten oan,
de stoere draaiers mei de boar,
dy’t djip giet mei deselde toan,
it resultaat, dêr is de flam goed foar.

De wjukken steane op ien poat
en stjitte ’t ierdgas fan de troan,
Aeolus giet dêrmei akkoart
en mei it seenivo in maatskip oan.

* Peter J. Sterkenburg (1955-2000)
Skilderij ‘Sara Maatje V en boareilân’

admin

Alvetûzen fromme fammen

Keunst

fan Hans Memling*



Sjoch har rizen, hillich frommes,
boppe alvetûzen fammen út,
’t is Ursula, by einbeslút
ûnteard, fermoarde om har frommens.

’t Houlik mei de prins, in heiden,
koe wol trochgean, earst oer trije jier,
de boat dreau ôf, kaam withoefier,
it waard de skieding fan dy beiden.

Alle fammen wiene rêden,
dus woe Ursula nei Rome ta,
op beafeart, want dat hearde sa,
in reis fan withoefolle trêden.

Alvetûzen waarden tsjûgen
fan de Hear, dy’t harren rêden hie,
se struiden sa it geastlik sie,
ûnkundich wa’t mei swurden sloegen.

Hunnen stieken mei har swurden
yn it fleis, har sie foar fammebloed,
dat riisde ta in reade floed,
te grousum foar in protte wurden.

* Hans Memling (sirka 1435-1494)
Skilderij ‘Sint-Ursula-skryn’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum