april 27, 2017
fan Rembrandt*
De keunstner wie hiel wat fan doel
en loek it potlead oer ’t papier,
it bleau foarearst gaotysk, skier,
dêrûnder lei in tryst gefoel.
In kessen draacht de holle fan
in frou, fan alle soargen swier,
de hân is slop, it antlit skier,
dêrboppe sjocht in frjemde man.
De fierte lit in skier pear sjen,
sy wankelje troch it bestean,
it libben hat har inkeld bean
de nocht fan ’t lichem… trettjin bern.
En tichterby de âlderdom,
skerp oanset, want it is har tiid
sawat, miskien in swiere striid
foardat de dea ropt lûd fan kom!
It libben ropt de keunstner op
om oer te gean nei in gehiel,
want al dy lichems ha in siel,
syn eigen fiert him nei de top.
* Rembrandt (1606-1669)
Plaat mei ferskillende stúdzjes
april 20, 2017
fan Marc Chagall*
Hy is de baarch mei sin passearre,
net dat er him de rêch takeart,
elk bist hat in begjin en ein
en wurdt nei ’t eigen aard wurdearre,
mar bargen binne foar de wet ûnrein.
De Toara jout er net út hannen,
beskermet er tsjin elk geweld,
tsjin ’t wrotten fan it minskebist
of oarloch tusken bruorrelannen,
ûnrein is wat de krekte rjochting mist.
Syn wei as Joad giet faakris hinne
en dan werom , syn wankel lot,
troch snie en hjitte, tichte mist,
mar mei de wurden dy’t meirinne,
de krekte rjochting wizend, want dat is ’t.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Joad mei de Toara’