mei 25, 2017
De seilen hingje slop,
hast is de gong derút…
wa kin de takomst keare?
De stoomfluit ropt al op
ta aksje nei in fêst beslút…
de tiid sil it wol leare?
De tiid hâldt grif gjin skoft,
it minskdom moat wol mei
en wurdt út hjoed wei lutsen;
de stoom sjit yn de loft
en fluitsjend fynt it skip syn draai…
de seilen binne strutsen.
De takomst leit yn mist
en dize foar wa’t seit:
‘De tiid sil it wol leare.’
Wa’t koers hâldt, ropt: ‘Dit is ’t!’
Ut hokker streek de wyn ek waait,
de gong is net te kearen.
* Peter J. Sterkenburg (1955-2000)
Skilderij ‘Tsjalk ‘De Tijd Zal Het Leren’’
Skilderij ‘Harns yn de mist’
mei 18, 2017
fan Henri Rousseau*
Se rûn de stêden út en yn
en poende har de fingers lam,
mar selden bleau in stedsjer stean,
de doarpen rûn se yn en út,
wat rapper, har fertsjinne lean
kaam del as wurdslach op ’e snút
fan ’t frommis fan de sljochte stam…
sa bedarre se yn de woestyn.
Dêr joech se har úteinlik del
nêst ynstrumint en wetterkrûk
en ûnder ’t folle moanneljocht;
de dreamen sloepen yn en út,
de fingers poenden doe mei nocht,
wylst oer har striek in liuwesnút,
dy’t rûkte oan de holledoek…
sa tegearre wiene sy in stel.
* Henri Rousseau (1844-1910)
Skilderij ‘De sliepende sigeunerinne’