Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Godtank nei ’t offer

Keunst

fan Vincent van Gogh*

Krûd en ûnkrûd yn ’t bestean,
gjin minske kin om beide hinne,
hy stribbet nei ’t fertsjinne lean
en moat om krapte stinne.

Unkrûd groeide tusken ’t krûd,
de hiele dei ha beide lutsen,
de pine sjit troch hân en foet,
de rêgen fiele brutsen.

Rêst by ’t fallen fan de jûn?
Sy hat har deljûn op ’e kroade,
hy is noch oan it ûnkrûd bûn,
it offer oan de goaden.

’t Alderlêste yn de brân,
de rêch lit him no dûbel fiele,
hy struit op ’t fjoer in skeppe sân,
Godtank klinkt út twa sielen.

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Akwarel ‘Unkrûdbrâners’

admin

Har monumint

Keunst

fan Akseli Gallen-Kallela*



Sy wie alve wurden,
kriich fiif kear in krús,
har simmer wie foarby…
se seine: ‘Sy is thús.’

Blêden krigen kleuren,
wizend op ’e hjerst,
wat like suver nij,
lykwols hie ’t libben west.

Boppe kamen streken,
tsjuster as de nacht,
gjin bui dreau droech foarby,
de krusen joegen acht.

Wynkrêft tsien oant alve,
gûlend om swart hout,
de blêden rekken frij
en ha in teken boud.

Sinnich giel oer modder,
sa wie sy it wend,
de hjerst gie ek foarby,
mar net har monumint.

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
Skilderij ‘Hjerst, de fiif kleuren’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum