Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Fraai fjoerwurk

Keunst

fan Constantin Meunier*

Elk wit, it fjoer is âld:
de ynslach fan de bliksem,
it wriuwen fan twa stikken hout,
de tûkebult yn hege lôge,
gjin minske bliuwt by ’t fjoerwurk kâld.

Mar hjitter is it fjoer
dat smelt it erts ta izer,
wurk oan de manlju tafertroud,
dy’t net oer stoom en hjitte kleie,
dit fjoerwurk hat in lange doer.

Lang is harren dei,
de bleate lea fan izer;
it izer wurdt úteinlik goud,
de baas kin dy feroaring daaie,
want al dit fjoerwurk eaget fraai.

* Constantin Meunier (1831-1905)
Skilderij ‘De smeltoven fan Ougrée’

admin

Bleate jonkfrouwen

Keunst

fan Richard Mauch*

De jonkfrou yn har moaiste toai
liet de eagen oer it striidfjild gean,
dêr’t hynders mei it skom dik op ’e bek
al trappelen foar it toernoai.

De ridders strieden foar de ear
mei in eachopslach as fan in earn,
de jonkfrou seach de winner by it stek,
de ridder wie foar har in hear.

Mar yn de dream rint it wol oars:
stap foar stap giet it op froulju ta,
dy’t yn it neaken dûnsje op it grien,
it kleed is read lykas in roas.

De ridder hat in romme kar,
wol fansels de alderkreaste ha,
hy sjocht har op ’en paad, mar dan is ’t dien,
want nei de dream is ’t yn de war.

* Richard Mauch (1874-1921)
Skilderij ‘De dream fan de ridder’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum