Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Finster nei de fierte

Keunst

fan Laurits Andersen Ring*



It giet djipper as de skaden,
heger as it moarntiidsljocht
en fierder as it finster,
it sakket streekrjocht nei it hert
en hat it op ’e hichte brocht
fan bûten is it tweintich graden.

It is elke moarn itselde:
út ’e djipte fan de sliep
oerein, it each op ’t finster,
it blauwe swurk of is ’t beset
mei wolken as de wol fan ’t skiep…
wat is der fierder noch te melden?

Mei de tee en ’t stikje bôle
komt de krante foar it ljocht,
it finster nei de fierte;
wat rekket, sakket har yn ’t hert,
it lichte fljocht sy troch mei nocht…
sa komt sy efkes fan de pôle.

* Laurits Andersen Ring (1854-1933)
Skilderij ‘Oan it moarnsbrochje’

admin

Stil bestean

Keunst

fan Cornelis van der Voort*
fan Dirk Druijf**



Gjin libben sûnder ier ûnthjit,
want jierren dy’t noch foar ien lizze,
binne blank, in kap mei kant,
figueren dy’t fan alles sizze.

De mûle seit net hoe’t it sit,
de eagen glimkje yn de hoeken,
bloeie docht sy mei it kant,
de takomst moat noch oan har lûke.

Gjin libben sûnder let gefoel
oer alle dingen dy’t oars koene,
donker as in swarte kap,
de geast is troch ’t bestean ferwûne.

De mûle as de reade stoel,
de eagen skowe nei de hoeken
as ferwachte sy de klap,
’t ferline wol sy ’t leafst net rûke.

* Cornelis van der Voort (1576-1624)
Skilderij ‘Portret fan in jonge frou’

** Dirk Druijf (1620-1669)
Skilderij ‘Portret fan in âlde frou’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum