december 7, 2017
fan Johannes Verdonck*
fan Nicolaas van der Waay**
Mei beide wangen yn it ljocht,
rôze fan it leave libben,
los it hier mei triedden goud,
it himelsk blau dêrûnder,
stiet sy klear, it is as fljocht
de fûgel yn har út ’e kou,
in flecht dêr’t sy nei stribbe
hat, no al de sânde kear,
noch hoopjend op in wûnder,
sy hat al fêst ien fear.
Oer noas en wangen skampt it ljocht,
dêr’t sy altyd om siket,
om’t sy al safolle mist,
mar ek om by te lêzen,
dan is ’t krekt as dat sy fljocht
en libbenslang in fûgel is,
in wûnder dat ferriket
har bestean, sy hoecht net mear
as efkes frij te wêzen
fan wat sy doe ferlear.
* Johannes Verdonck (1597-1662)
Skilderij ‘Portret fan in famke yn it blau’
** Nicolaas van der Waay (1855-1936)
Skilderij ‘Amsterdamsk weesfamke’
november 30, 2017
fan Jan Stobbaerts*
fan Xavier de Cock**
It is ûnwis wat barre sil
en dêrom sette se har skrep,
de grins oer moat noch wenne,
gjin ko hâldt him dan stil,
dat sil sy grif werkenne.
Mem helpt har om nei bûten ta
en docht dat earst op har manier
mei sêfte hân en wurden,
mar wol it net, dan sa:
in mep, as ’t moat in hurde.
En komt de loop der ienkear yn,
dan stoot it oer it sânich paad,
der is net mear in halte,
se binne dôf en blyn,
fier klinkt it hease balten.
Sjedêr de lytse boeresoan,
dy’t grutsk it foartou nommen hat
en drafket sa derhinne:
‘Wy komme der al oan,
sy sille it net winne!’
* Jan Stobbaerts (1839-1914)
Skilderij ‘Ut ’e stâl’
** Xavier de Cock (1818-1896)
Skilderij ‘De Meersstrjitte te Gent’