januari 4, 2018
fan Carlos Enriquez*
Sjedêr de holle wangen
doe’t Castro noch in jonkje wie,
de harsens wisten har gjin rie
yn ’t lân fan trettjin rangen.
Sjoch nei de holle eagen
doe’t Guevara noch net rûn,
de eachopslach glied nei de jûn,
de sliep bediek de leagen.
Glyd mei de eigen eagen
oer it weagjen fan de lea,
it libben jout al oan de dea,
wat sy al langer seagen.
Wit dat sy net mear libje,
fierste jong om dea te gean,
ek Castro bea har gjin bestean,
syn maat koe net mear stribje.
Betink dat noch krepearje
withoefolle yn de wrâld,
machthawwers meitsje harren kâld
om sels te profitearjen.
* Carlos Enriquez (1900-1957)
Skilderij ‘Blide boeren’
december 28, 2017
fan Vasily Surikov*
Hy is mei syn bestean fergroeid
en stiet rjochtop om út te sjen,
wat er lang lyn al die, as bern
hat him de fierte mear as boeid.
Mei beide fuotten stiet er fêst,
as taaie woartels yn de grûn,
dochs hat er hjir de frijheid fûn,
syn stânplak is him net ta lêst.
Syn reade kop stiet hjoed yn bloei,
troch wyn en sinne út ’e knop,
heint alles om him hinne op,
noch altyd sprekt it blêd fan groei.
Sa is er mei it gea fergroeid,
dat alle dagen nûgjend winkt,
de fierte sûnder mear noch skinkt…
syn eachweid dat ek hjoed wer bloeit.
* Vasily Surikov (1848-1916)
Skilderij ‘De âlde grientekweker’