Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Dit bin ik

Keunst

fan James Ensor*



Dit bin ik wol, sa’t jim net sjogge,
jim ferwachten grif gjin snor en burd,
mar wol lang hier, in glêd gesicht
dat glimket, net grimmitich hurd.

It binne fearren dy’t it dogge,
boppedat is ’t ek de blommehoed
dy’t troch syn kleuren docht myn plicht,
wat strykt mei ’t spatten yn it moed.

Dit bin ik ek, sa’t jim no sjogge,
mei deselde skeane eachopslach,
dy’t sprekt fan justjes heech it krop,
’t leit oars, ik bin no ienkear wach.

Wach bin ik op wat minsken dogge,
ek op wat se sizze fan myn wurk,
it spilet my hjoed troch de kop:
beweging ûnder ’t blauwe swurk.

* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘Selsportret mei blommehoed’
Skilderij ‘Ensor foar syn skildersezel’

admin

It lot fan de mûs

Keunst

fan Willem van Mieris*


Stiet dêr Marije net
stil op ’e achtergrûn
de aksje oan te sjen?
Se hat gjin teken jûn
om net deryn te gean,
it mûske hat de slach ferlern.

Is dat Marije net
en hat se noch gjin bern
dy’t foar it libben gean?
It is har oan te sjen
dat sy der nocht oan hat
om libben mei de dea te stean.

Leit soks net yn it aard
fan mûs en frou en kat
fanwege it bestean?
It is de mûs syn lot
troch wat de frou sa fielt,
de kat hat by dy beide baat.

* Willem van Mieris (1662-1747)
Skilderij ‘De deade mûs’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum