Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Ynlibje

Keunst

fan George Morren*
fan Jenny Montigny**



Skientme glimket har faak ta;
mei help fan kaam en spegel
makket se har op… no sa,
it slagget yn de regel.

Hichte wint se troch de hoed,
yn harmony mei ’t stribjen
hegerop te kommen, goed
har dêryn yn te libjen.

Beide fiele, it is goed
om sa elkoar te reitsjen,
molke fan it eigen bloed
sil him ta keardel meitsje.

Hichte wint er troch har hert,
dat kloppet troch him hinne,
fan de skientme gjin ferlet,
se komme sa’t se binne.

* George Morren (1868-1941)
Pastel ‘Frou dy’t har hoed opspjeldet’

** Jenny Montigny (1875-1939)
Skilderij ‘Mem en bern’

admin

Luzen swylje

Keunst

fan Gerard ter Borch*


De kaam mei fine tinen
komt yn aksje op ’e kop
dy’t jokket fan de luzen,
hy swilet alle bistkes op
dy’t barste nei de pine.

Yn folle konsintraasje
stjoert de mem fan plak nei plak
it swylark troch de hierren,
sa komt sysels oan har gerak,
’t is foar ferdivedaasje.

Mei noch wat yrritaasje
jout it dochterke har oer
oan kaam en neil foar ’t barsten;
it moardzjen is fan lange doer,
mar dan… fuort is de naasje.

* Gerard ter Borch (1671-1681)
Skilderij ‘De luzejacht’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum