februari 15, 2018
fan Rembrandt*
Ik stie derop, noch oan ’t begjin
en hie net folle ûnderfining,
dus keas ik foar it selsportret,
want mei mysels hie ik de measte bining.
Goed tweintich wie ’k en seach de sin
noch lang net yn fan myn ferskining
yn harmony mei ’t inerlik,
ik wie noch jong en libbe op ’e dining.
In skilder dy’t himsels net ken,
jout wer in masker, mar gjin wêzen,
sa woe ’k as jonge keunstner net,
dus út myn eagen is noch neat te lêzen.
Dêr stean ik wer, no oan de ein,
mei ûnderfining troch it libben,
dus keas ik foar it selsportret,
ik ha nei withoefolle sjenres stribbe.
Goed sechtich bin ’k, dêr is ’t mei sein,
lykwols lit ik de eagen sprekke
yn harmony mei ’t inerlik,
foardat, it is sawat safier, dy brekke.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Selsportret op jonge leeftyd’
Skilderij ‘Selsportret’
februari 8, 2018
fan Marc Chagall*
De nacht wie langer as de dei,
de simmer koarter as de winter,
dat de snie hold alle blommen tsjin,
behalve op ’e glêzen,
dy ûntnamen ’t útsicht op ’e wei…
in libben as beferzen.
Hy jout him del foar ’t lege doek
om ’t faaie libben te ûntteien,
taastend op ’e syk nei wat hjit sin
en roppend om har wêzen,
dat by libben wie in iepen boek,
te tsjok om út te lêzen.
Fertel it mar, ik bin it kwyt,
jawis, it ljochtsjen fan de moanne,
al is ’t noch mar in lyts begjin,
de blommen sille rize
yn mear tinten as allinnich wyt…
do kinst my fierder wize.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Hommaazje oan it ferline’