maart 15, 2018
fan Johan Klombeck*
In hynder en in hûn,
mear dieren binne net te sjen
fanwege fûle kjeld,
mar sjoch… wat hat de winter jûn,
foaral oan al dy bern,
gjin âlder dy’t dan telt.
Om’t ljocht fan tsjuster wûn,
giet neat oan ’t wintersicht ferlern.
In keppel skiep en kij,
de dieren kin men amper sjen
troch ’t fallen fan de jûn,
de bosk skoot stadichoan foarby,
de fierte giet ferlern,
de hoeder ropt de hûn.
It docht him net mear nij,
dit is wat hy al jierren ken.
* Johan Klombeck (1815-1893)
Skilderij ‘Winterlânskip en hynder’
Skilderij ‘Simmerlânskip mei fee en hoeder’
maart 8, 2018
fan August Strindberg*
Fol driging komt de himel oer,
wylst wolken skilderje de see
mei streken oan harsels gelyk;
fan Stockholm sjocht men sels gjin toer
dy’t winkt, foar ’t feilich fielen ree,
de stêd as wis ûntwyk.
Wat boppe is, komt ûnder del,
mei fûle twirren slacht de stoarm
it wetter, rizend ta in floed;
it folk fan Stockholm stoarret kjel
nei ’t needwaar, lûd klinkt it alarm,
de stêd is sels yn noed.
De skilder fielt de driging ek,
krekt nei syn himelheech jûchhei
slaan hege weagen op him del;
hy streket troch as wie er gek,
mar Stockholm komt net tichterby,
de himel wurdt ta hel.
* August Strindberg (1849-1912)
Skilderij ‘De stêd’