Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Bloeiend eachweid

Keunst

fan Vasily Surikov*



Hy is mei syn bestean fergroeid
en stiet rjochtop om út te sjen,
wat er lang lyn al die, as bern
hat him de fierte mear as boeid.

Mei beide fuotten stiet er fêst,
as taaie woartels yn de grûn,
dochs hat er hjir de frijheid fûn,
syn stânplak is him net ta lêst.

Syn reade kop stiet hjoed yn bloei,
troch wyn en sinne út ’e knop,
heint alles om him hinne op,
noch altyd sprekt it blêd fan groei.

Sa is er mei it gea fergroeid,
dat  alle dagen nûgjend winkt,
de fierte sûnder mear noch skinkt…
syn eachweid dat ek hjoed wer bloeit.

* Vasily Surikov (1848-1916)
Skilderij ‘De âlde grientekweker’

admin

Alde lieten

Keunst

fan David Vinckboons*
fan Adriaen van de Venne**



Lit ús it bûten fiere,
want fan binnen kolket bloed
ús troch it bûnzjend hert
en fierder troch de ieren,
nim de lieren dan ek mei
en tokkelje de fingers blau
by ’t sjongen fan it âlde liet:
‘Sjoch hjir de hegerien,
de rike man en frou,
ús klaaiïng is dernei,
wy kleie dus net gau,
dêrmei is noch net sein
dat ek de legerein bestiet,
dy hat syn sleauwe draai
en komme yn it nau
op ’t eigen binnenplein,
lit ús it bûten fiere.’

Lit ús de dei fersiere,
hjoed net biddelje om sint
of stoer, mear ha wy net
as eigen hert en spieren,
nimme dus ússels wol mei
en hosse ús de fuotten blau,
by ’t âljen fan it âlde liet:
‘Sjoch hjir de legerein,
de skurve man en frou,
ús rotsoai yn de draai
is fêstbûn mei in tou,
dêrmei is alles sein,
net alles, want wat net fergiet,
is nocht op dizze dei,
wy bliuwe elkoar trou
op ’t eigen binnenplein,
want bûten brasse gieren.’

* David Vinckboons (1576-1632)
Skilderij ‘Bûtenfeest’

** Adriaen van de Venne (1589-1662)
Skilderij ‘Earme lju’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum