Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

By Marije yn it skaad

Keunst

fan Karl Pavlovitsj Brjoellov*



Wa nimt it him no noch kwea-ôf,
hy hat har al genôch ta songen
yn it kleaster jier nei jier,
hy draacht it oer op dizze frou,
docht dan de eagen ticht en fier
sjocht hy werom… as jonge…

As famke song sy al de ear
by ’t byld út leafde foar Marije,
ree troch ingel Gabriël,
mem wurden fan ús Leave Hear;
devoat leit sy de blommen del,
har seine sil se krije.

Gjinien komt by de iik te let,
al rint it stoarm troch in prosesje
mei in ezel oan it haad;
al swittend ha se it wer ret:
gau by Marije yn it skaad…
gjin sprake fan agresje.

* Karl Pavlovitsj Brjoellov (1799-1852)
Skilderij ‘By de Madonna-iik’

admin

Fingers

Keunst

fan Jan Provoost*



De ponge is noch lang net fol,
der kin noch wol wat yn,
hy is mei ’t freegjen mear as gol
en libbet suver fan de wyn.

De fingers sprekke wiere taal,
syn wierheid leit yn ’t boek,
de keapman hat in oar ferhaal,
syn finger wiist nei min gebrûk.

De fingers fan de wisse dea
bewize ’t ûngelyk,
ha gjin gefoel foar brea en bea,
allinnich foar al wer in lyk.

* Jan Provoost (sirka 1463-1529)
Skilderij ‘De nepert en de dea’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum