mei 24, 2018
fan B.C. Schneiders van Greiffenswerth*
fan Jules Victor Genisson**

In pylger stiet net stil, is ûnderweis
fan wêr’t er wennet nei in hillich plak
foar heil, úteinlik syn bestimming;
alle dagen fielt er hûd en fleis,
syn geast begjint oan de beklimming.
Wannear’t de sinne sakket nei de kym,
ferriist, as foarbestimd, in berchkapel
foar’t heil fan pylgers út ’e liken;
foar Marije sjonge se op rym,
dy’t moed jout foar de reis fan wiken.
De tsjerkegonger sit deemoedich stil,
hat plak fûn ûnder ’t hillich ûnderdak
en sjocht heech op by syn bestimming;
op it kessen steune heup en bil…
it is in hiele ûndernimming.
Heech op ’e preekstoel stiet mynhear pastoar,
lêst foar in tekst oer himel en oer hel…
wat is úteinlik jo bestimming?
Foar Marije sjongt it tsjerkekoar,
dy’t soarget foar in goede stimming.
* B.C. Schneiders van Greiffenswerth (1803-1873)
Skilderij ‘Lânskip mei beekje, pylgers en kapel’
** Jules Victor Genisson (1805-1860)
Skilderij ‘Ynterieur fan de Sint Jakobstsjerke te Antwerpen’
mei 17, 2018
fan William Turner*

Mei de eachopslach nei de bedelte
sjocht men Leeds, in stêd fan leed
foar wa’t lang skreppe moat
en opgong foar de riken
yn in tiid ‘fan hâld se koart’…
der binne wurkers by de fleet.
Lit de skoarstiens nei de himel stekke,
want dêr stiet de measte wyn;
de kapitale geast
rikt heger as de tuorren…
jout de Heare net it meast
oan eigners, rjocht de hichte yn?
Sjoch de sjouwer lykas Adam switten,
boetsje moat er foar it kwea
dat weaget as in stien;
syn opgong bliuwt no stykjen
by de muorre, foar him ien
tel rêst, oars hellet er it nea.
* William Turner (1775-1851)
Akwarel ‘Leeds’