juli 12, 2018
fan Claude Joseph Vernet*
Myn God, ha sy dit no fertsjinne?
Har skip is op ’e rotsen slein
en is yn stikken brutsen…
is it har fertsjinne lean?
Sy gûlt, de hannen oan de holle
yn wanhoop om de neare ein
fan ’t skip en wa’t noch lutsen
binne, manlju sûnder klean.
Myn God, hoe soe dit fierder rinne
mei wa’t sels net mear rinne kin?
Straf net fanwege sûnden…
Heare God, wer ien yn need!
Sy gûlt, it wurdt har fierste folle,
it twadde kin der ek net tsjin
en sil ’t net rêde sûnder
help, want oars slacht ta mear leed.
Godtank, Jo komme mei de sinne
en slaan de wolken útinoar,
’k bin tsjûge fan in wûnder,
dus dat skip sil net fergean.
* Claude Joseph Vernet (1714-1789)
Skilderij ‘De skipbrek’
juli 5, 2018
fan Claude Monet*
It hie in strange winter west,
syn frou hie it net helle,
dat de kjeld kroep by him troch de lea,
twa berntsjes fregen him wêrom,
hy koe it net fertelle.
De maitiid soarge foar de rest,
hy koe him net bedrippe,
’t Seinewetter riisde mear as ea,
stil gûlden beide bern dêrom,
it kaam him oant de lippen.
It wetter kaam mei bakken del,
hy streke dat it rekke
’t skomjend wiet en ek syn eigen moed,
mar ’t soppe foar de bern net rom…
koe hy it needlot brekke?
* Claude Monet (1840-1926)
Skilderij ‘Oerstreaming’