juli 26, 2018
fan Max Liebermann*
De jûntiid kleuret al de loft,
dochs bliuwt er efkes stean
en skôget oer it hjerstich gea,
sa hâldt er efkes skoft.
Yn ’t skoft dronk hy it kantsje leech,
behimmele syn brea,
moast doe wer oan de skeppe stean,
sa troch de dei wie dreech.
De rêch hat it net langer swier,
wol is de skonk him stiif
troch hieltyd traapje yn de grûn,
hy kaam hjoed nochal fier.
Sa skôget er de dei bylâns
en nei de moaie jûn,
hy fielt him thús, dit is syn gea,
it jout syn libben glâns.
De fierte ropt him nei it miel
fan beannen mei bret spek,
de rook fan ’t wiif en syn geriif
wurdt ûnderweis syn diel.
* Max Liebermann (1847-1935)
Skilderij ‘De thúskomst op it plattelân’
juli 19, 2018
fan James Ensor*
Sa, ja… dit bin ik,
nee, ’t is gjin selsportret,
ik sit hjir, bin ek op it doek,
ha fierder gjin ferlet
fan kommentaar.
’k Meitsje my net dik
oer wat it folk wol seit
of wat is yn de keunst gebrûk-
lik, hoe’t it fierder leit?
Gjin kommentaar!
’t Giet my om de kick,
’t idee en bin ik klear,
dan stiet myn wêzen op it doek…
wat fierder? Om de ear?
Gjin kommentaar!
* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘Ensor foar syn skildersezel’