augustus 16, 2018
fan Vincent van Gogh*
Twa flitsen,
tuskentroch it skilderij,
oranje ûnder, blau fan boppen,
ik ferbylde ’t my,
want hearde him net roppen.
Twa tellen
duorre ’t kleurige portret
om efkes stil fan te genietsjen,
byld, mear hoegde net,
fan binnen klonk it lietsje.
Twa wjukken
flitsten by de reiden lâns
as bliksem parallel oan ’t wetter,
trije kear de kâns,
myn flecht koe amper better.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Iisfûgel’
augustus 2, 2018
fan Pedro Alvarez*
In God we trust,
sjedêr de wurden op ’t kongresgebou,
dêr’t flaggen ‘wolkom’ roppe,
Kuba pronket as in pau,
it is in lust.
In God we trust,
de yndiaan bliuwt oan de ierde trou,
de Spanjaard telt de koppen,
katolyk fertsjinnet grou,
it is in must.
In God we trust,
de Yankee nimt de wurden net sa nau,
mar syn revolvers roppe,
ûnferskillich man of frou,
de tûkste first.
Hy doesn’t trust
wa’t komme, is ’t kongres net sekulier?
Kubanen binne boppe,
alle dagen yn it spier,
fan ’t wurk bewust.
* Pedro Alvarez (1967-2004)
Skilderij ‘It earste Kubaanske kongres
oer it doel fan de skiednis’