juni 21, 2018
fan Kapiton Aleksejevitsj Zelentsov*
fan Woutherus Mol**
Hy lêst út leafde foar klassyk,
dêrneffens is ’t ynterieur
mei in fjouwertal pilaren,
passend by de kleare kleur
rûnom, dat alles eaget ryk.
Mar freegje him net nei syn frou,
har geast hat hjir wol faker ware.
De bylden sjogge op him del,
mar tagelyk ek by him op,
út wurdearring foar syn streken,
dy’t him bringe nei de top…
soms wurket hy al op bestel.
Dus freegje him mar nei syn faam,
foar har is syn talint in teken.
* Kapiton Aleksejevitsj Zelentsov (1790-1845)
Skilderij ‘Ynterieur’
** Woutherus Mol (1785-1857)
Skilderij ‘De jonge tekener’
juni 17, 2018
fan Paul Cézanne*
fan Pablo Picasso**
Besjoch de werklikheid, lis fêst
wat yn de holle kommen is:
de foarmen kubus, kegel, bol,
de kleuren soargje foar de rêst,
dat is it dan sa’n bytsje wol.
Cézanne rûn dêrby foarop
en lei it Frânske lânskip fêst
mei eagen rjochte op ’e foarm,
it wie kubisme yn de dop,
dy’t briek, wat late ta in stoarm.
Picasso naam in grutte stap
mei dames fan it lichtste soart
út Avignon, al goed yn foarm,
it wie foar him gjin bleate grap,
mar hiel de keunstwrâld sloech alarm.
Besjoch de keunst sa’t hy it seach,
ienfâldich en fierhinne bleat,
dan komme foarmen op dy ôf
dy’t hingjen bliuwe foar it each,
in komposysje, hecht fan bou.
* Paul Cézanne (1839-1906)
Skilderij ‘Mont Sainte-Victoire’
* Pablo Picasso (1881-1973)
Skilderij ‘Les Demoiselles d’Avignon’