november 1, 2018
fan Peter Paul Rubens*
Mei beide hannen op ’e rêch,
wa kin dan by de mûle?
Men is as minske net yn tel
as ’t bleate fel fluch slopper wurdt
de tiid troch yn de sel.
De âlde man hat op it each
it finster mei de traaljes,
al wachtsjend op wat wurdt syn lot:
it sêfte fel of ’t skerpe swurd,
de deastek of syn skat.
Mei lege hannen komt sy troch
de doar fan getten izer,
mei klopjend hert foar wa’t har seit
dat sy syn alderleafste is,
want ja, hy is har heit.
Sy lûkt har boarsten bleat en sjoch
hoe’t hy as berntsje sûget
om sa de honger te ferslaan;
it gluorkjen makket har ûnwis,
mar dochs, har plicht is jaan.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Cimon en Pero’
oktober 25, 2018
fan Hendrik Jan Wolter*
fan Willem Witsen**
No lizze se noch oan de kaai
en baaie yn de middeissinne
tusken skitterjende tinten;
de fleur deryn, want dy moat mei
om fan en út ’e see te winnen.
Wannear’t de jûn komt mei it read,
begjint it lûken oan de touwen,
falt de wyn oan op ’e seilen
en sylt de waarmte mei foar neat,
dat opstrûpt binne noch de mouwen.
De hannen smite, lûke net
foar neat, de winst is al te peilen.
Stiif leit er wiken tsjin de kaai,
it wyt op ’t skimerswarte wetter
seit wat fan de lette winter;
in twirke fiert de reek en teiwaar mei,
de tinten komme folle letter.
* Hendrik Jan Wolter (1873-1952)
Skilderij ‘De haven fan Polperro’
** Willem Witsen (1860-1923)
Skilderij ‘De âlde Skâns te Amsterdam’