november 15, 2018
fan Peter Paul Rubens*
Der wiene party Swarte Piten,
dêr’t de blanke faak fan sei
dat se op elkoarren liken,
hy woe dat it oan ’t karakter lei.
Sjedêr, hy hat it altyd witten,
lykas Rubens yn syn tiid,
’t docht op dit portret al bliken:
trije sjogge earnstich, ien is bliid.
De fjirde kin it wol ferjitte,
’t laitsjen sil him gau fergean,
earmen sjogge op by riken,
sjochst de earmoed oan deselde klean.
Tsjintwurdich binne ’t Bûnte Piten,
dêrtroch mei ferskil yn aard,
blanken moatte no ferlykje,
hawwe mear by Swarte Piten baat.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Fjouwer stúdzjes
fan de holle fan in Moar’
november 8, 2018
fan Vasiliy Perov*
Syn peuken binne dôve,
de jiske rekke op ’e flier
en omkeard kaam de pet op tafel,
doe rûn de drank him troch de kiel.
Hy hat gjinien berôve,
wolnee, dat giet him fierste fier,
hy hat yn hûs in eigen tafel
en om de dei it waarme miel.
Soms hat er wat om hannen,
it libben is net foar de sier,
dan kin er wer in wike ite,
’t foarnaamste is lykwols de siel.
Hy hat gjin grutte plannen,
twa peuken op ’e flier, dêrnei
twa slokken, mar noch lang net ite,
’t foarnaamste krijt it grutste diel.
Syn langstmei is net dôve,
tsien fingers wize him de wei,
al is it by de eigen tafel,
hy fielt him diel fan it gehiel.
* Vasiliy Perov (1834-1882)
Skilderij ‘Iensume gitarist’