Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Status by kearsljocht

Keunst

fan Gerard Dou*


De master wit de bern te lûken
fan justjes mear as leech komôf,
hy lokket har as finkjes yn de kou
of foarntsjes yn de fûke.

De jûn jout status oan syn tonge,
de kearsen brâne ’t wurd deryn,
de eachjes fan de finkjes reitsje blyn,
sadat se faker sjonge.

De foarntsjes wurde ryklik fuorre,
sadat de fûke har net deart,
sy swimme lykas yn in brede feart,
’t hat oardeloere duorre.

Doe dôven kearsen masters lessen,
hy liet de finkjes út ’e kou,
de foarntsjes slaggen troch it fûketou…
hy rekke oan de flesse.

* Gerard Dou (1613-1675)
Skilderij ‘De jûnsskoalle’

admin

Trije kleurige kânsen

Keunst

fan Vincent van Gogh*


Twa flitsen,
tuskentroch it skilderij,
oranje ûnder, blau fan boppen,
ik ferbylde ’t my,
want hearde him net roppen.

Twa tellen
duorre ’t kleurige portret
om efkes stil fan te genietsjen,
byld, mear hoegde net,
fan binnen klonk it lietsje.

Twa wjukken
flitsten by de reiden lâns
as bliksem parallel oan ’t wetter,
trije kear de kâns,
myn flecht koe amper better.

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Iisfûgel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum