januari 3, 2019
fan Marc Chagall*
De loft fertelt hjoed fan it fjoer
dat lôget troch de folken,
ek de tuorren stimme mei
yn Babelsk tûzen talen;
de wei rint swart op wenten oan…
wa sil it lot fertolkje?
Hy jout it oan de minsken oer,
brûkt sels net folle wurden,
mar it is him yn de wei:
hysels wit fan ferhalen
de iuwen troch fan heit op soan…
it bloed siet oan de swurden.
It nijs fan hjoed, de wrâld oerstjoer,
wurdt brocht mei fette koppen,
ek syn antlit stiet dernei:
de Joad ken de annalen
dy’t sprekke op in tryste toan
fan leed net te ferkropjen.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘De kranteferkeaper’
december 27, 2018
Noch stiet er stil, op ’t busstasjon
hâldt hy de siken yn,
benijd nei noch in passazjier,
in kammeraat út Lissabon
of fierder fuort út Lima,
tichterby faaks, út Berlyn?
Wa’t sit, sjocht net nei de sjauffeur,
mar út nei wa’t noch komt,
safolste keunstner fan it jier;
mienskiplik jouwe sy de kleur
oan wat op ierde libbet,
sels gjin swarte is ferdomd.
It duorret wol in ivichheid,
want keunstners komme faak
te let, mar har ûnthjit rikt fier:
in wûnder, oars as inkeld feit,
de geast rydt sels nei Lima
ta, in keunstwurk yn de maak.
* Johan Muyle (1956-…)
Skildering ‘I promise you in miracle’ (detail)
By it busstasjon ûnder it Noardstasjon
te Brussel: 1600 m2 akryl op beton