januari 17, 2019
fan Felix Cogen*
Se stie dertusken, foar it earst,
mei ’t jonkje yn de earmen,
it famke by de rjochterfoet,
it lêste wat se wollen hie.
De see naam ’t lichem, net de geast,
dy’t noch de bern beskerme,
wat joech har alle dagen moed
om troch te gean lykas it wie.
It wie wol oars, dat wist sy wol,
mar foar de bern itselde
troch wat har geastkrêft dûbel joech:
syn stim klonk yn har berneliet.
Se hat it helle, hjoed wer fol
fan him dy’t fisken telde;
har jonkje is fan ’t wachtsjen slûch,
har famke waard fan ’t hingjen wiet.
* Felix Cogen (1838-1907)
Skilderij ‘It útdielen fan bôle oan
de widdo’s en wezen fan Katwyk’
januari 10, 2019
fan Rembrandt*
Kin Joaris wol foar ivich rêste
nei in libbenslang ferrin
fan op ’e strjitte foar de mage?
De hân griep faakris nei it mes,
dat syn gewisse bleau net skjin…
se seine, Joaris wie gjin bêsten.
Dêr leit er dan mei lege longen,
dy’t hurd wurken op ’e dei
dat hy in hannelsman berôve
en yn in flits griep nei it mes,
sadat syn lêste gong wie faai…
hy waard heech oan de galge hongen.
Syn mage leit al oeren iepen,
leger as it lêste skoft,
syn breinkas is yn oare hannen,
it mes snijt fierder foar de les,
sa wurdt er lizzend noch romroft,
mei fan de wittenskip lang sliepe.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Anatomyske les fan Dr. Jan Deyman’