december 20, 2018
fan Jakob Smits*
Hoe kin it lân derhinne lizze
like desolaat as it mar kin,
sjoch nei de stikken sketten toer,
gjin mins is by de mêst te sjen,
de flagge kin ’t miskien wol sizze.
De wolken wolle noch net driuwe,
tsjin de wil fan ’t nasjonale doek,
dat kleur bekenne wol, ’t is oer
mei ’t skrassen fan de swarte roek,
dy allesfretter koe net bliuwe.
De wyn stekt op en lit de sinne
komme achter lêste wolken wei,
de swiere lêst, fan lange doer,
glydt fuort mei ’t skaad, de ommeswaai
lit mei ferstân it pleit hjoed winne.
Sjedêr, wat kleuren sizze kinne:
foar de Belch begjint in nije dei.
* Jakob Smits (1855-1928)
Skilderij ‘De flagge’
december 13, 2018
fan Judith Leyster*
Sy hat jûn dûbel fjoer:
’t brânt ûnder yn de stove
troch de fuotten nei de hiele lea,
en boppe jout it ljocht,
want yn it tsjuster is ’t in toer
te stekken op it goede plak.
Hy fielt fan binnen fjoer,
net maklik om te doven,
want it lôget troch de hiele lea;
hy hat it earst besocht
mei leave wurden, jout no oer
’t fertsjinne lean foar syn gerak.
Sy sjocht net op, ’t giet stek
nei stek deun by de râne
lâns yn ’t eigen ljocht, sy swijt him dea,
wylst hy it oars besjocht:
hy fynt syn oanbod lang net gek
en komt by har grif ûnderdak.
* Judith Leyster (1606-1660)
Skilderij ‘Man dy’t in frou jild oanrikt’