maart 7, 2019
fan Paul Cézanne*
Yn syn hiele hear en fear
sit heit en lêst de krante
fan boppen nei de ûnderkant,
dêr’t hy fier boppe stiet,
hy wit op ’t lêst fan wanten.
Komt baas-heit úteinlik klear,
dan lizze knibbels iepen
foar ’t jonkje dat him noch net stiet,
syn hân is as de slaai…
allinnich ljippen liepe.
Skilder wurde docht wol sear
foar heit yn ’t sakelibben,
gjin sprake fan, de ûnderkant
stiet fier fan boppen ôf,
heit hat nei hichten stribbe.
Yn syn heale hear en fear
sjocht heit úteinlik kanten
dy’t jilde foar syn soan as klant.
* Paul Cézanne (1838-1864)
Skilderij ‘Louis-Auguste Cézanne’
Skilderij ‘Selsportret’
maart 4, 2019
It hie wol kind, in geit oerriden,
wylst er fan de hûnetongen friet,
syn achterpoaten brutsen,
in keuteltsje as lêste died,
hy hie neat mear te bieden.
In fytspaadskilder hie it wêze
kind mei ynspiraasje fan ’t gehiel,
troch hûnetongen lutsen,
dy’t glieden troch de geit syn kiel…
fan ’t keunstwurk ôf te lêzen.
Fan beide is alhiel gjin sprake,
want in swarte krie fleach skitend oer,
sa waard in part bedutsen
en is kreëarjen net in toer…
in frjemde gong fan saken.