maart 21, 2019
Ik seach de berch troch ’t finster hinne
en tocht: dit is myn Switserlân,
it gea fan hichten en fan lichten;
’k streke mei in rappe hân
noch foar it rizen fan de sinne.
De stilte krong troch ’t iepen finster
oant hûnen giselen nei ’t wiet,
ik tocht: no ha wy wol de hichte,
mar in keppel einen liet
him hearre, drippen yn de glinster.
Ik siet dêr wer nei tolve oeren
en streke tinten yn it brein;
omdat de stilte my ferlichte,
hie ’k ’t pinseel op tafel lein
en seach hoe’t boatsjes net mear foeren.
Mar moarn pinseelje ik derhinne
en tink net mear: dit is de ein.
* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘De blauwe Rigi;
Mar fan Luzern by ’t opkommen fan de sinne’
Skilderij ‘De reade Rigi:
Mar fan Luzern by ’t ûndergean fan de sinne’
maart 14, 2019
fan Paul Cézanne*
Dêr sitsto dan ,myn soan,
no droegen troch de earm
fan pakes brune stoel;
om’tst net woest dat ik dy draach,
sitst as in kroanprins op ’e troan.
Do stiest faak yn in skrift,
te flechtich foar op doek,
dan mar in skets mei potlead,
witst… ik tekene dy graach,
mar letter spile op de drift.
Dy dreau my fan dy ôf
en nei de fierte ta,
ik koe net sûnder kleuren,
mar it wie foar my de fraach:
brocht ik mysels dêrtroch yn ’t nau?
No draachsto my, myn soan,
promoasje fan myn keunst,
dêrmei gean ik de wrâld oer;
wylst ik thúsbliuw, âld en traach,
setsto my op ’e keningstroan.
* Paul Cézanne (1838-1906)
Skilderij ‘Soan fan de skilder’
Skilderij ‘Selsportret’