januari 24, 2019
fan Nicolaas Baur*
fan Georg Koch**
Gjin sniebui hâldt de stedsjers tsjin,
der is gjin hâlden oan
de skonken, dy’t fansiden slaan,
de earmen hinne wer.
De froulju ha oars net yn ’t sin
as ’t komt der hjoed op oan,
se streekje stowend oer de baan,
de rapste wurdt de stjer.
De fager hâldt de iisbaan skjin
en sjocht it spultsje oan
fan froulju, dy’t elkoar ferslaan,
hy hâldt fan allegear.
As ’t paad leit ûnder bulten snie,
de mage gnoarret lûd,
dan glide lânslju oer it iis
nei ’t doarp foar ’t deistich miel.
De âlde beppe joech de rie:
de slide glydt my hjoed
de baan oer foar in brea en tsiis,
sa winne wy ús diel.
* Nicolaas Baur (1736-1817)
Skilderij ‘Reedriderij foar froulju (Ljouwert)’
** Georg Koch (1857-1926)
Skilderij ‘Werom fan de merk’
januari 17, 2019
fan Felix Cogen*
Se stie dertusken, foar it earst,
mei ’t jonkje yn de earmen,
it famke by de rjochterfoet,
it lêste wat se wollen hie.
De see naam ’t lichem, net de geast,
dy’t noch de bern beskerme,
wat joech har alle dagen moed
om troch te gean lykas it wie.
It wie wol oars, dat wist sy wol,
mar foar de bern itselde
troch wat har geastkrêft dûbel joech:
syn stim klonk yn har berneliet.
Se hat it helle, hjoed wer fol
fan him dy’t fisken telde;
har jonkje is fan ’t wachtsjen slûch,
har famke waard fan ’t hingjen wiet.
* Felix Cogen (1838-1907)
Skilderij ‘It útdielen fan bôle oan
de widdo’s en wezen fan Katwyk’