Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Rie en triennen

Keunst

fan Adriaan Wulffaert*



It feest hat west, de nacht komt oan,
it miel wie bêst, de drank joech fleur,
gjin wanlûd hat hjoed klonken,
wol it liet, soms falsk fan toan
troch Roel, hy wie stomdronken.

It is de heechste tiid om fuort
te gean, de nacht jout amper kleur,
mar mem jout oan har dochter
mear as rie, in koer fol guod,
har skoansoan harket nochter…

… fernimt wol ’t lôgjen fan it fjoer,
dat útbrekt middenyn de nacht,
hy moat noch efkes wachtsje…
triennen fan har lytse broer
ferkoartsje noch it nachtsje.

* Adriaan Wulffaert (1804-1873)
Skilderij ‘Ofskie fan it breidspear’

 

admin

Swart goud by ljochte nacht

Keunst

fan William Turner*



De nacht is minder swart
as wat de djipte makke hat
troch tûzen tiden hinne.

De wurkers sakje wei
djip yn de ierde, dêr’t gjin dei
te sjen is, om te winnen…

… it swarte goud, dat telt
de flammen tsjin de fûle kjeld
om sulverstof te wurden.

De sjouwers jouwe acht
by fjurren yn ljochtmoannenacht,
swart wurde grize burden.

De skûten komme djip
te lizzen, dan fart skip nei skip
it goud nei fiere kimen.

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Sjouwers lade nachts stienkoal’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum