mei 9, 2019
fan Marc Chagall*
It hurde libben op ’e ierde
koe ’k as doarpsgeaman krekt oan,
mei frouwehelp foar al ús bern
stie ik te meanen yn de miede.
It wie ús krús, dat fan de tsjerke
seagen wy earbiedich oan
as teken fan ús Leave Hear,
mar fan syn komst wie neat te merken.
De ko stie klear om mei te praten
oer de noeden fan de dei,
mei grutte eagen seagen wy
har sitten, frou en ko as maten.
Mar harkje, wat is hjir te rêden?
Snarelûd, it nimt my mei
nei boppen om it oars te sjen,
in flecht oer doarpen, krús en stêden.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Ik en it doarp’
Skilderij ‘De fiolist’
mei 5, 2019
fan Knud Baade*
De stoarm en rotsen stekke op,
’t geweld fan machten brekt fûl los…
wa kin it needlot keare?
Elke weach hat heech it krop,
de gaos docht oars net as beare.
De machten falle fleanend oan,
it skipke hat neat oan in tros,
hâldfêst is net te finen;
yn de gaos is de hoop ferstoarn,
al wol de moanne net ferdwine.
Hy wiist it skip it spegelpaad
fan himelsk ljocht, dat komt fan pas
yn tiden fan kweamachten;
fredich wurdt it skip dan fierder laat,
befrijd, beskerme troch de wachten.
* Knud Baade (1808-1879)
Skilderij ‘Stoarmige nacht’
Skilderij ‘In Noarsk fjord by moanneljocht’