juni 20, 2019
fan Théodore-Joseph Geirnaert*
Koe sy der wat oan dwaan
dat har man tefolle dronk
en dus te min betelle,
wêr’t noch bykaam heit syn slaan.
Koe hy der wat oan dwaan
dat de hân tefolle skonk,
hy koe it tal net telle,
dat it koste him syn baan.
Koe hy der wat oan dwaan
as de tsjinstfeint fan ’t gerjocht,
hy woe har net bestelle,
koe perfoarst gjin útstel jaan.
Koe ’t kroas der wat oan dwaan,
bern dêr’t mem gjin klean foar kocht,
wat koe sy har fertelle
oars as: ‘Moatst heit mar ferjaan.’
Net yn ’t gewoane dwaan,
want it like nearne nei
sa’t alles bûten helle
waard om slachjes út te slaan.
* Théodore-Joseph Geirnaert (1790-1859)
Skilderij ‘Ferkeap nei beslachlizzing’
juni 13, 2019
fan James Ensor*
Memento mori yn it atelier,
wat docht de doar in oerke ticht
om foar de ezel te besinnen
oer wat oer in oerke komme kin,
sa kriget men in helder sicht.
De muorren binne foar it sicht al ree:
wat west hat bringe dy yn byld,
de ezelsbrechjes foar ’t werkennen
fan wat makke is mei fleurich sin,
om’t kreativiteit rom fielt.
De kontinue gong nei ’t âlde stee
hat stûke troch in stroffelkop
mei holle eagen, lange tosken;
op ’e ezel klom in kop mei sin…
dy hat gjin kin en ek gjin krop.
Sjedêr de skilder yn syn atelier,
finaal besibbe oan de dea,
foar ’t doek mei fongen bline mosken;
’t sicht feroaret wol, mar is te min
foar hoe’t it komt yn ’t deadegea.
* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘It skilderjende bonkerak’