juli 18, 2019
fan Vincent van Gogh*
Mei de skeppe op it skouder
rûn er nêst syn bêste maat,
dy’t beide hannen yn de bûse hie;
tegearre wiene se op paad
nei ’t eigen skeamel ûnderdak
mei praat net heger as de souder.
Achter harren rôlen tsjillen
mei dêrtusken hiel oar praat,
om’t boppe ’t oansjen yn beweging wie:
‘Sipressen ha in eigen aard,
sy stekke nei it himeldak,
dêrfan krij ik in kâlde rille.’
‘Sa’t de tsjillen rûntsjes draaie,
litte stjerren dat ek sjen,
in kâlde rille, mar ek wille.’
‘Kâld en waarm, wat ik werken,
earm en ryk, elk hat syn plak,
sy de skeppe, wy de leie.’
Mei de skeppe op it skouder
rûn er nêst syn bêste maat,
om’t dy de dei troch nêst him wurke hie
yn ’t felle ljocht, net folle skaad:
‘Sy binne ridend ûnderdak.’
‘Ik ryd fannacht wol op ’e souder.’
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Strjitte mei sipressen ûnder in stjerrehimel’
juli 11, 2019
fan Marc Chagall*
It lânskip lei derhinne
as troch God en folk ferlitten,
tsjuster yn de neare nacht,
gjin striel noch fan de sinne.
Syn romte wie noch like
leech as wat ek moarn te mjitten
wie, neat oars as tinne lucht,
hy die it al in wike.
In wike ûnderst boppe,
dat hy seach it net mear sitten,
neat hie hy noch yn de macht,
hy koe allinnich roppe.
Ynienen wie se boppe
him, de hannen om syn holle,
har gefoel joech him wer lucht
troch noas en fingertoppen.
Sjedêr de reade sinne,
strieljend fan de leafde, folle
net genôch, de griene pracht
fan ’t lânskip… sa’t sy binne.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Grien lânskip’