juli 11, 2019
fan Marc Chagall*
It lânskip lei derhinne
as troch God en folk ferlitten,
tsjuster yn de neare nacht,
gjin striel noch fan de sinne.
Syn romte wie noch like
leech as wat ek moarn te mjitten
wie, neat oars as tinne lucht,
hy die it al in wike.
In wike ûnderst boppe,
dat hy seach it net mear sitten,
neat hie hy noch yn de macht,
hy koe allinnich roppe.
Ynienen wie se boppe
him, de hannen om syn holle,
har gefoel joech him wer lucht
troch noas en fingertoppen.
Sjedêr de reade sinne,
strieljend fan de leafde, folle
net genôch, de griene pracht
fan ’t lânskip… sa’t sy binne.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Grien lânskip’
juli 4, 2019
fan William Turner*
Kin in minske heger komme
as Sint Gotthards heechste top?
Hy stekt de goaden nei de kroan,
de sterkste nimt it foar de duvel op,
want beide kin it neat ferdomme…
… dat de swakken djipper falle
as Sint-Gotthards wetterfal,
dy’t mei geweld en wyt fertoan
sprekt oan en nimt ek oan in driigjend stal,
lykas de sterken it graach wolle.
Wit dat duvels brêgen bouwe,
foar de iene om deroer,
de oare glydt der raar bydel,
de huorrerinder komt sa by de hoer,
dy’t fallen is yn duvels klauwen.
Sjoch, ynienen stiet de bôge
boppe brêge, pas en fal
as kompensaasje foar de hel;
de swakke skôget alle kleuren al,
de sterke fielt de hjitte lôge.
* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘De Duvelsbrêge, Sint Gotthardpas’