november 14, 2019
fan Jacob Backer*
No’t ik op jierren kom,
feroaret myn gesicht:
de heuvels wurde heger,
beide dobben justjes djipper,
de bosken kleurje griis,
en gatten groeie ticht.
Elk wit wol hoe dat komt,
’t komt del op it gefoel:
de hichten wurde leger,
alle dagen folle stiller,
de tinzen kleurje griis,
gjin gat hat noch in doel.
Dochs sykje ik derom:
op ’t lêst slacht alles ticht,
de spegel is ek stikken,
mar ik ha noch wol in diggel
dy’t freget: wat is wiis?
Sprekt dat út myn gesicht?
* Jacob Backer (1608/1609-1651)
Skilderij ‘Alde man mei spegeldiggel’
november 7, 2019
fan Andrey Ryabushkin*
De wyn skuort oan de touwen,
mar de klokken liede net
op dizze grauwe neijiersdei,
dit jier lûkt stadich nei de ein…
wa sil dêrnei noch rouwe?
It godshûs op ’e hichte
skôget rûnom oer it fjild
op dizze grauwe neijiersdei,
syn lêste oere is net slein,
foar ivich is it stichte.
De klinte yn de lichte
sjocht al jierren by him op
as tuskenhillichdom op wei
omheech, troch Kristus’ feint foarsein
dy’t wit fan himelsk hichte.
Syn geast lûkt oan de touwen
alle dagen fan it jier,
mar yn it godshûs bliuwt it stil,
hysels lûkt stadich nei de ein
folslein mei godsfertrouwen.
* Andrey Ryabushkin (1861-1904)
Skilderij ‘Tsjerke’