mei 14, 2020
fan Joseph Denis Odevaere*
Unôfhinklik woed er wêze,
dichter fan de romantyk
mei gefoelens foar de Griken,
strider foar dat âlde folk…
al jong wie hy in lyk.
Op ’e kiste is te lêzen
wurk fan him mei elk in krâns,
foar geweld woe hy net wike,
focht foar frijheid tsjin de Turk,
mar rekke út balâns.
Hege koarts kriich him te pakken,
’t striidfjild waard syn eigen bêd,
fjurrich seach er, sa die bliken,
nei de sege fan de Gryk:
de krânse fol mei blêd.
Ljocht fan lampe en de moanne
skampe oer de deade lea…
dichter dy’t de keunst ferrike.
* Joseph Denis Odevaere (1775-1830)
Skilderij ‘De dea fan Lord Byron’
mei 7, 2020
fan Otto Dix*
It gie in oere hinne wer,
in tweintich stappen by de muorre lâns,
dy’t mei in reade gloede nûge:
de doar stiet iepen, gryp dyn kâns!
Har eagen stiene yn it kier
fan dea-ynein troch ’t oeren iepenstean
foar huorrerinners út ’e kroegen,
sy moast foar ’t lean der lang foar gean.
Har konkurrinte mei de strik
wie wend om ’t mei de eagen ticht te dwaan,
sy woe net foar de rinners bûge
en lizzend har mar justjes jaan.
De baas fan ’t hiele huorrespul
joech mei syn eachopslach syn saakje stjoer,
hie eigen folk en klant rap woegen,
mar foar it fleis net folle oer.
* Otto Dix (1891-1969)
Skilderij ‘Poaier mei prostituees’