mei 28, 2020
fan Jacob Jordaens*
Ik as sater bin betrape
troch myn fluitsjen yn de moarn,
wat kin it my ek skele,
yn ’ t bestean tref ik de krekte toan,
de fluit is myn skamlape.
Saters hawwe bokkepoaten,
mar dêrboppe bin ik mins,
sa kin ik dûbel fiele,
net krekt witte wêr’t dan leit de grins
fan ’t bok-mins mei twa kloaten.
Hoeder bin ik fan de keppel,
dy’t my sjocht as geile bok
dy’t troch it libben fluitet,
los fan alle bannen fyn ik lok,
de fluit is ek myn kneppel.
* Jacob Jordaens (1593-1678)
Skilderij ‘Fluitspyljende sater’
mei 21, 2020
fan ûnbekende namme*
Elk hat in byld fan nei de dea:
fan opstean foar de ivichheid,
in ljocht bestean of stean yn ’t fjoer
of ’t lichem wurdt ta stof of jiske,
úteinlik bliuwt der neat fan oer.
Sjoch Petrus mei de himelkaai,
dêr’t hy de doar mei iependocht
foar minsken dy’t dan fierder gean
nei Kristus mei syn iepen earmen
en hilligen yn kreaze klean.
Sjoch hoe’t de duvels mei in swaai
de sûnders driuwe yn de hel,
dêr’t flammen brâne op ’e lea;
fan pine klinkt in kleiend kjirmjen,
de oergong nei it ljocht komt nea.
Elk hat in byld fan nei de dea,
it komt úteinlik derop del
dat nimmen wit fan heil noch skea.
* Master fan it Marijelibben
(wurke yn Keulen fan 1460-1490)