juni 11, 2020
fan Vincent van Gogh*
It gie al oeren yn de rûnte,
beide diene sa it wurk,
de haspel en boerinne,
konsintraasje op ’e trie,
dy rûn der maklik hinne.
Fan lange trie nei rûne jirpels,
rap de smoarge skyl derôf,
sa’t kromme fingers kinne,
koaitsje neffens mem har rie,
’t gie troch de jierren hinne.
Al jierren yn deselde rûnte
yn de jûntiid nei it wurk,
de boeren en boerinnen,
wurge hannen boppe ’t miel,
mei kofje dêr oerhinne.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Boerinne oan de haspel’
Skilderij ‘De jirpeliters’
juni 4, 2020
fan James Ensor*
It kin net sûnder hannen
dy’t lûke foar de gong
nei wêr’t men wêze wol,
beweging sûnder sprong.
It kin net sûnder riemen,
ien stjoer, de oare bak,
sa bliuwt de boat op koers
en komt op ’t krekte plak.
Sjedêr de man mei hannen
dy’t lûke oan ien riem,
beweging sûnder doel,
hy komt sa yn de kriem.
It draaien yn de rûnte
is stilstean yn ’t bestean,
al skuort men der ek oan,
gjin koers nei kym noch kearn.
* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘De roeier’