Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Bûn oan frijheid

Keunst

fan Jan Toorop*

De dei wie stadich nei de jûn rûn
nei’t sy al hastich yn de moarn
nei ’t wurk op ’t lân rûn wiene
mei de skeppe doe noch yn de rêst…
it wie de frijheid dy’t har bûn.

De frijheid dy’t in protte jûn hie
oan nocht oan ’t wurk op eigen grûn,
dat sy al jierren diene
mei de lea noch sûn, fan wurk nei rêst,
it wie de frijheid dy’t it die.

De tiid wie stadich nei de ein rûn
fan groei en bloei, wat kaam hurd oan;
de frijheid dy’t sy hiene,
joech behalve nocht, geregeld lêst,
sy wurken oant de lette jûn.

* Jan Toorop (1858-1928)
Skilderij ‘Wer nei hûs’

admin

Feart foar de geast

Keunst

fan Charles-Henri Pille*

Se ha de put derút
en binne op it gers delsonken
om de mage syn gerak te jaan,
it lichem lit syn rjocht earst witte,
de geast hat noch net dronken.

Fan noard en west en súd
en east, se binne fan fier kommen,
want it is mei sizzen net te dwaan:
kin men in beafeart sjitte litte?
De geast wie gau ferklomme.

Se wachtsje op ’t beslút:
’t massale klimmen nei de hichte
om de Leave Frouwe acht te slaan,
har eachopslach sil folút jitte,
de geast wurdt dêrtroch stichte.

* Charles-Henri Pille (1844-1897)
Skilderij ‘Beafeart yn Bretagne’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum